Fuotbaltoernoai

Woansdei 5 april binne wy wer mei groep 7 en 8 (en in pear út groep 6) nei it fuotbaltoernoai yn Heech west. Dit is altyd hartstikke leuk! Alle skoallen fan âld Wymbrits binne oanwêzich. Binnen de linen stean fanatike en sportive bern te baljen en lâns de linen net minder fantike, sportive âlders en learkreften oan te moedigjen! Dit jier ha we it troffen mei ’t waar, foarich jier hat it de hiele middei reind! 

De bern ha prachtich fuotballe, mar spitigernôch wiene de oare skoallen better dus sûnder priis nei hûs.  

Mar al mei al ha wy in prachtige middei hân! Ek mei dank oan de âlder dy’t riden en flagge ha! Op nei takom jier!