Sinteklaasnijs


 yn it Frysk!


Tip!
In moai Sinteklaas ferske makke?
It kin ek yn it Frysk!
Mei it rymwurdboek giet dat hiel handich. Hjir de link:
http://www.rymwurdboek.nl/rymwurden.html 

 

Sinteklaas is wer yn it lân.
Mei syn hynder by de hân
wol er pakjes goaie om him hinne
en pipernuten troch it hiele lân.

 

 

De rekenpyten!

 

 

En sjonge mar!

Swarte Pyt soe te fytsen
(út: it Sinteklazeboek fan Hindrik van der Meer/ Sieb Stroosma/Siegbert de Jong)

Swarte Pyt soe te fytsen, doe knapte syn bân.
Doe moast er wol rinne, mei de fyts oan ‘e hân.
Hy kaam yn 'e buorren, en sei tsjin de smid:
Ik leau dat der yn myn achterbân in spikergatsje sit.

De smid moast wol laitsje, mar plakte de bân.
Doe koe Pyt wer fytse, troch it hiele Fryske lân.
Oer Akkrum, oer Jirnsum, by Boarn, oer it dak
Brocht Piter op syn fytske de pakjes te plak.
Bron:
http://www.warberfryslan.nl/content/view/32/34/ 


Noch net genoch?!

 

Sinteklaas, ús held (©Piter Wilkens)

Op syn hynder rydt er oer it dak, dak, dak
sa bringt er alle pakjes wer te plak, plak, plak
yn pikkenacht, yn waar en wyn, mei kjeld, kjeld, kjeld
hippe hoppe! Sinteklaas dat is myn held

Hy slacht noait immen oer, hy komt elk jier, jier, jier
en Spanje, sil ’k dy sizze, dat is fier, fier, fier
fiif desimber is de dei dy’t telt, telt, telt
hippe hoppe! Sinteklaas dat is myn held

In tûfke hea, in woartel út ’e grûn
doch ik yn myn skuontsje, elke jûn
Dan sjong ik wer dit ferske like blier
Wat is it altyd spannend elk jier

En ek al is er noch sa withoe âld, âld, âld
hy bliuwt allike goed fan syn ûnthâld, hâld, hâld
en wat ik freegje ha ’k ’m al ferteld, teld, teld
hippe hoppe! Sinteklaas dat is myn held

In tûfke hea, in woartel út ’e grûn
doch ik yn myn skuontsje, elke jûn
Dan sjong ik wer dit ferske like blier
Wat is it altyd spannend elk jier

Ik wol krekt as him sa’n prachtich hoars, hoars, hoars
in wite skimmel, nee ik wol neat oars, oars, oars
dan flean ik oer de huzen mei geweld, weld, weld
hippe hoppe! Sinteklaas dat is myn held

 

Feest!